Waarom?

Wêr of wêrom meitsje wy ús drok?

Minsken, yn en bûten de tsjerke, ha yn 2024 deselde libbensfragen as de ballingen yn Babel, rom 26 ieuwen ferlyn, fier fan hús… 

Hoe is alles wurden wat wurden is?

Wêr komme wy wei en wer geane wy hinne?

Is der in God dy’t ús makke hat en seit: ‘Do meist’ der wêze’?

Wêrta binne wy op dizze wrâld, dy’t somtiden sa paradyslik is en bytiden sa woest en leech is?

Is der in God dy’t dit sjocht of binne wy warleas oerlevere oan it lot?

It wetter komt ús ta de lippen, de azem wurdt ús ûntnaam, falt der noch wat te hoopjen?

Is der immen dy’t yn Gods namme ljocht meitsje kin yn ús tsjustere wrâld?

Stil, Israël fertelt in ferhaal…
(frij nei ‘Het verhaal gaat…’ fan Nico ter Linden)
Yn de wrâld om ús hinne en yn ’e Bibel wurdt dúdlik dat minsken op ferskate wize oer God tinke en prate (meie). It ferhaal fan God en minsken yn ‘e Bibel docht rjocht oan dit ferskaat en biedt tagelyk de wissichheid fan dy iene God dy’t mei ús op wei giet.

In God dy ‘t minsken leaf hat en ta bloei komme litte wol.

In God dy ‘t ús ynspirearret en heint.

In God dy’t sichtber wurdt as wy minsken mei him op wei geane.

Jezus giet ús der yn foar. Syn libbenspaad, dea en ferrizenis meitsje God sichtber.

Wy binne minsken nei Gods byld en geane mei dy God op paad, hoe ferskillend as wy ek binne. Efter it ferhaal fan âlde/earste en nije/twadde testamint libje wy ús eigen hjoeddeiske ferhaal mei dy iene God. Fansels freget dit ferhaal fan ús dat wy ús ferstân derby hâlde, ús ferdjipje yn de eftergrûn fan dy âlde ferhalen en antwurden sykje op ús fragen. Dat âlde ferhaal giet sa wol fierder yn ús hert, yn ús gemeente, ús doarp en yn ‘e wrâld om ús hinne.

Wy moetsje inoar graach yn petearen oer ús leauwen.

Lit ús ris besjen hoe’t ús libben rint: wêr sjoch ik God en do net? As wy foar it belibjen fan it leauwen yn ús tsjerke dan in motto kieze, dan is dat:

‘Op wei mei it ferhaal fan God en minsken’

Dat ferhaal freget ús om fan wurden, it Wurd, dieden te meitsjen!
Dizze fisy wolle wy ek útdrage yn it doarp. Wy wolle oanslute by de doarpsmienskip en ús net op ús eigen eilantsje werom lûke om ‘t wy tsjerklik binne en oaren net. Wy binne fan betinken dat it ferhaal fan God en de minsken foar elkenien in ferriking is.

‘Het verhaal gaat’…
Nico ter Linden – 1996