Wat?

Hoe en wat?

Yn de bysûndere fieringen kinne wy it doarp sjen litte wat wy yn ‘e hûs ha en wêr ‘t wy grutsk op binne. It binne de sneinen mei in sulveren rantsje. Yn dy fieringen wolle wy kwaliteit biede troch in goede tarieding en in sekuere, ôfwikseljende liturgy. Wy kieze dan oansprekkende tema’s, hawwe yn it bysûnder omtinken foar bern, jongerein en âlderein en meitsje sa folle mooglik gebrûk fan de talinten yn it doarp.

Tsjerke wêze is foar ús: minsken oansprekke, harkje nei harren ferhaal, har serieus nimme, ús ferhaal trochjaan, en har alle frijheid litte. Wol witte wy fansels, dat wy dit allegearre útfine kinne, om ‘t der in ploech belutsen en warbere minsken is. De minsken dy ‘witte wat der barre moat en dat op har noed nimme.

Fêste tsjerkegongers komme ek by de sobere en stille fieringen lykas de nachtmieltsjinst op Wite Tongersdei. It seit himsels dat sa ‘n tsjinst in hiel oar karakter hat as in tsjinst dêr ‘t it hiele doarp op ôfkomt, mar wurdt mei likefolle soarch taret en fierd. Dat binne de mominten dat ús tsjerke efkes ynazemt. Dat ritme fan yntime tsjinsten en tsjinsten mei in brede útstrieling is karakteristyk foar ús tsjerke. Itselde jildt foar ús winterwurk: neist de gruthúsbesite en temajûnen foar it hiele doarp, binne der jûnen dêr ‘t allinne de hurde kearn te finen is.

It is no krekt dat lykwicht dat ús tsjerke sa libben makket. Mear lêze: sjoch de link nei it beliedsplan!






Samen de maaltijd van de Heer vieren...





Een opdraagviering: je hoort er bij...
Liturgisch bloemstuk: op weg naar Kerst...
Palmpasen vieren...
Snoeiwerk Leilinden...

Sint Maartenactie
voor kinderen in het verre India...

Opbouwend kerkelijk kluswerk...

2013 Kinderviering: even terugkijken...

Dopen: je hoort er bij...
Stilstaan bij wie we missen...
Klokluiden: altijd een oproep...
Onderhoud & renovatie...
In gesprek over Bijbelverhalen...

Pastor: ook tijdens het dorpsfeest
klinkt er een boodschap!

Kopergroep 'Concordia': variatie in begeleiding...

Lees het beleidsplan…
20230127 Beleidsplan 2023 – 2027

De Plaatselijke Regeling beschrijft hoe alles formeel geregeld is…
20230904 Plaatselijke Regeling Protestantske Gemeente De Gaastmar